Fryslân wurdt lanlike proeftún op mêd fan sûn âlder wurde

23 maaie 2016 - 11:14

It Friesland College en ROC Friese Poort hawwe fan it ministearje en de provinsje hast 2 miljoen euro oan subsydzje krigen om nije foarmen fan âldereinsoarch te ûntwikkeljen. De ûnderwiisynstellings wurkje by it gearstallen fan dit healthy ageing-sintrum gear mei it bedriuwslibben en soarchynstellings.

Bedoeling is om soarch-ynnovaasjeprojekten te ûntwikkeljen, mear learwurkplakken te kreëarjen en om mei websides kunde te dielen. Takomstige soarchwurkers moatte sa taret wurde op de fraach nei mear komplekse soarch.

Fryslân wurdt hjirmei in lanlike proeftún.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)