Toppenhuzen hâldt sneon op 'e nij protest tsjin gaswinning

Under it motto ''Lit Fryslân net sakje'', wurdt der kommende sneon yn Toppenhuzen in manifestaasje hâlden tsjin de plannen foar gaswinning troch Vermilion. Bewenners fan Top en Twel, meardere politike partijen en mienskipsorganisaasjes wurkje oan it protest mei.
Neffens de inisjatyfnimmers wike gaswinningsbedriuwen faker út nei Fryslân, no't der minder gas út de boaiem yn Grinslân helle wurdt. Nettsjinsteande dat de provinsje him útsprutsen hat tsjin de boarrings, sette it ministearje en de bedriuwen de plannen dochs troch.
Ynwenners fine it dêrom tiid foar aksje. De inisjatyfnimmers sammelje harren moarns fan 11 oere ôf by it doarpshûs. Nei in oantal taspraken giet it yn protestoptocht nei de gaswinningslokaasje, dêr't symboalysk in grut read krús pleatst wurdt.