NDC Mediagroep makke wer winst yn 2015

23 maaie 2016 - 09:42
  • NDC mediagroep

De NDC Mediagroep, de útjouwer fan ûnder oaren de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd, hat it ôfrûne jier wer winst makke. Yn totaal hâlde it bedriuw 2,9 miljoen euro oer. Wol sakke de omset fan goed 101 miljoen euro nei 100,8 miljoen euro.

De NDC makke benammen winst troch in hegere oplage en mear oarders foar de drukkerij en distribúsje. Dêrneist wurkje der sûnt de reorganisaasje minder minsken, wêrtroch de personielskosten sakke binne. De NDC Mediagroep hat no noch 519 foltiidbanen oer.

Foar kommend jier wol it útjouwer noch mear ynstekke op it fertsjinjen fan jild mei online en multymedia produksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)