Kollum: "Dyn ‘stjonkende bêst’ dwaan"

23 maaie 2016 - 08:30
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Ynkoarten moatte alle trekkers yn Nederlân in nûmerboerd hawwe. Alle boeren, hobbyboeren en oldtimer trekkerleafhawwers moatte der oan leauwe. Betinkster fan dit plan is minister Melanie Schultz van Haegen fan ynfrastruktuer en miljeu. Sy ferwachtet dat mei in nûmerboerd en in trekker-APK check de ferkearsfeilichheid ferbettere wurdt. En dus moatte yn 2017 alle trekkers in kenteken hawwe.

It is ien fan de miljoenen regeltsjes dêr’t in boer him oan hâlde moat. Ik tink dat der gjin sektor is dêr’t ûndernimmers mei sa folle regels, wetten en foarskriften te krijen ha as de agraryske sektor. Wa’t tinkt dat in boer syn dei trochkomt mei in bytsje melke, trekker ride, meane, swylje en jarje hat it mis. De helte fan de tiid sitte boeren efter de kompjûter om alle administrative rompslomp yn te foljen. It binne managers wurden, dy’t kontinu fan boppe-ôf op ‘e fingers sjoen wurde troch polityk, natuerklups en bisterjochte-organisaasjes.

Fansels bedoele se it allegearre goed: al dy ynstânsjes dy't har bemuoie mei ús boeren. It giet altyd om it gruttere nasjonale belang, de soarch foar de natuer of it bêste foar it bist. Foaral op dat lêste punt hawwe boeren hiel wat te stellen mei klups as Wakker Dier en De Partij voor de Dieren. Nim it plan om kealtsjes langer by de memmeko te hâlden. In plan dat de hannen hjir yn Nederlân fuort op inoar krige, al wie it allinnich al fanwegen de emosjonele lading dy't sa'n kealtsje hat as er mei syn lange swarte krôljende wimpers yn de kamera sjocht. Wa wol sa'n leaf bistje no fuort by de mem weiskuorre en allinnich yn in hokje stopje? Net ien toch?

En dus kaam Marianne Thieme mei it plan om kealtsjes ferplichte langer by de mem te hâlden. Fuortendaliks krige se stipe fan meistanners dy’t ek hearth broken wiene fan de ferskriklike, bistûntearjende tastannen op buorkerijen. Ik seach sentimintele reaksjes op ynternet foarby komme. “Ik zou het leven een stuk mooier beleven en me minder schamen een mens te zijn, als er geen kalfjes meer in die afschuwelijke witte bakken komen te staan. Dat mensen zoiets kunnen verzinnen. Afschuwelijk.”

Mar de oare kant fan it ferhaal wurdt nét ferteld. Dat sa’n kealtsje hielendal net sa goed ôf is by de mem as dy der per ûngelok boppe-op lizzen giet. Dat keallen deadrukt wurde, ynfeksjes oprinne of simpelwei neat fan de mem te drinken krije. Krekt as by alle oare dingen yn it libben moast beide kanten fan it ferhaal kenne om in goed oardiel jaan te kinnen.

Mar dy twa kanten fan it ferhaal wurde noch wolris ferjitten. Boeren lizze ûnder it fergrutglês en wurde kritysk folge by alles wat se dogge, falt my op. Dat komt omdat se har bewege moatte op de tinne skiedsline tusken wat wy as maatskippij fan harren ferwachtsje en wat ekonomysk sjoen it bêste is foar harren bedriuw. Wy as maatskippij wolle graach kij yn it lân, stikken greide mei in ryk ferskaat oan blommen foar alderhande ynsekten en no dus ek trekkers mei in nûmerboerd. Boeren wolle kij dy’t sa folle mooglik molke jouwe, in stik lân mei allinnich it bêste gers en in trekker dy’t it altyd docht. Mei of sûnder nûmerboerd. Dat makket se gjin fluit út.

Al dy regeltsjes, jo soene der as boer gek fan wurde. Fan ‘e moarn stapte ik de doar út en der fleach my fuort in fleuchje jarrelucht yn de noas. Ik tink dat dit it folgjende punt fan wet- en regeljouwing wurdt. Dy stjonkerij fan de boeren. Dêr sil ek wol in wetsje foar komme moatte. Allinnich stjonke op wurkdagen tusken njoggen en fiif, sadat wy der gjin lêst fan hawwe as we thús komme.

Mar yn stee fan te eameljen, ha ik nochris ekstra djip ynazeme. De lucht fan jarre is nammentlik de lucht fan ûndernimmers dy’t harren stjonkende bêst dogge om it ús allegearre nei de sin te meitsjen. Petsje ôf foar ús Fryske boeren."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)