Famke (7) rekket ferwûne by oanriding troch brommerrider

23 maaie 2016 - 08:22

In 7-jierrich famke út Drachten is sneintejûn op it Moleneind oanriden troch in brommerrider. It famke stapte by it Smelnehûs de doar út, wêrnei't de brommerrider har net ûntwike koe. It famke makke in hurde klap en rekke ferwûne oan de holle en skonk. Se hoegde net nei it sikehûs.

Neffens tsjûgen gie it by de brommerrider om in pizzakoerier, dy't mei hege snelheid oer de dyk ried. It soe folle faker foarkomme dat de besoargers mei te hege snelheid oer it Moleneind ride. De plysje en de gemeente binne op de hichte fan it probleem.

De gemeente hat buorden pleatst en de plysje kontrolearret faker, mar dat soe oant no ta net genôch holpen ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)