Aksje 'Klopjend hert foar Fryslân' set útein
Moandei set de wike fan de hertfeiligens útein ûnder it motto 'Klopjend hert foar Fryslân'. De aksje rint oant en mei sneon 28 maaie. It is in gearwurking fan de Fryske mediapartners Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. Alle berjochtjouwing oer de aksjewike is te folgjen op nijs.frl.
Doel is om der yn de aksjewike in grut tal boargerhelpferlieners by te krijen yn Fryslân. Dat binne der no sa'n 6000 en dat soene der yn 2018 10.000 wêze moatte om in goede dekking oer de provinsje te krijen.
De bedoeling is dat de boargerhelpferliener binnen seis minuten by in slachtoffer is om de reanimaasje starten. As der in melding foar in reanimaasje komt, wurde yn totaal tritich boargerhelpferlieners oproppen. Tsien dêrfan geane streekrjocht nei it slachtoffer, de oare tweintich helje in AED op.
Dat grutte oantal is nedich, om't yn de praktyk net alle minsken reagearje op in oprop. Se binne net yn de buert of kinne net komme.