Auto baarnt út yn Ljouwert, fjoer mooglik oanstutsen

© Kappers Media
Op de Corellistrjitte yn Ljouwert is moandeitemoarn om 2.30 oere hinne in auto skansearre rekke troch brân. De foarkant fan de auto stie yn 'e brân. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak en slút brânstichting net út.
Flak foar de brân útbruts, is op kamerabylden nammentlik in fertocht persoan te sjen. Dizze man of frou wie hielendal yn donkere klean klaaid en rûn rjochting de auto dy't letter útbaarnde. De plysje is dêrom op syk nei dizze persoan.