Pieter Weening: "Spannend, mar ik wist dat ik marzje hie"

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema seach syn oerwinning yn it einklassemint fan de Ronde fan Noarwegen wol oankommen, mar hie it snein dochs noch efkes dreech. "It waard noch in bytsje spannend doe't Edvald Boasson Hagen yn de finale allinne yn de oanfal gong. Mar gelokkich hie ik foldwaande oer om it ferschil net tefolle oprinne te litten."
Sûnt tongersdei ried de Fryske hurdfytser fan Team Roompot al yn de giele trui. It is foar Weening de earste oerwinning yn in etappekoers sûnt it earste plak yn de Ronde fan Poalen yn 2013.