Nachts farre troch De Alde Feanen lûkt soad publyk

22 maaie 2016 - 21:14
  • De nije boarterstún by it besikerssintrum fan De Alde Feanen
  • Marshmallows roasterje

Goed trijehûndert belangstellenden ha sneontenacht oan it boatsjefarren west yn nasjonaal park De Alde Feanen. It nachts farren mei in sloep troch it natuergebiet wie dit wykein ien fan de populêrste aktiviteiten om it 10-jierrig bestean fan it park te fieren. De belangstelling wie sa grut dat minsken net allinnich yn Earnewâld opstappe koene, mar ek yn Grou.

Fierders waard it wettersportseizoen iepene yn Grou en organisearre It Fryske Gea in iepen dei yn it besikerssintrum fan De Alde Feanen.

Yn it ramt fan it lanlike festival Fête de la Nature wiene der ek noch aktiviteiten en kuiertochten op De Feanhoop en yn Aldegea (Sm). Neffens Sebastiaan Laarman fan It Fryske Gea kamen der yn totaal sa'n 2500 besikers op de festiviteiten ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)