Ten Rouwelaar slút karriêre ôf mei ferlies tsjin Willem II

22 maaie 2016 - 18:54

Jelle ten Rouwelaar hat syn fuotbalkarriêre net ôfslute kinnen mei in oerwinning en promoasje. De Jouster keeper, dy't útkomt foar NAC Breda, koe net foarkomme dat syn ploech mei 3-1 ferlear fan Willem ll. Dêrtroch promovearret NAC net nei de earedifyzje en bliuwt de klup út Breda ek takom seizoen aktyf yn de Jupiler League. Ten Rouwelaar hie in drokke wedstriid. Benammen yn 'e earste helte moast er in soad rêdingen ferrjochtsje.

FC Emmen wie de earste klup fan Ten Rouwelaar. Yn 1999/2000 makke er syn debút yn it proffuotbal. Dêrnei spile de doelman foar PSV, FC Groningen, FC Twente, PEC Zwolle, FC Eindhoven en Austria Wien. Sûnt 2007 spile de Jouster foar NAC en dêr hat er snein syn karriêre ôfsletten. Ten Rouwelaar giet no as keeperstrainer oan 'e slach by NAC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)