Ydwine van der Veen rapste op 10 km yn Ljouwert

22 maaie 2016 - 16:37
  • Loop Leeuwarden

Ydwine van der Veen fan Goutum hat snein by de Loop Leeuwarden de 10 kilometer wûn. Se wie de rapste yn in tiid fan 39 minuten en 18 sekonden. Kelly van den Heuvel fan Stienwyk kaam sa'n oardel minút letter oer de finish, dêrmei waard se twadde. Renske de Vries fan Snits makke it poadium kompleet, se waard tredde.

By de manlju gie de oerwinning yn 32.52 nei Eritreeër Habtom Weldemichael. Hy fersloech Rob Vijver fan Ljouwert yn de sprint. Tredde waard Mechiel Zantema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)