Hurdfytser Pieter Weening wint Ronde fan Noarwegen

22 maaie 2016 - 16:05

Pieter Weening fan De Harkema hat snein de oerwinning yn de Tour of Norway pakt. De Harkyt moast ûnder minne omstannichheden noch flink oan de bak yn de rit fan snein. Hy ferdigene in foarsprong fan 39 sekonden op de nûmer twa Edvald Boasson Hagen. De Noarske sprinter wûn de etappe en pakte dêrmei bonifikaasjesekonden, mar dat wie net genôch om de earste plak fan Weening oer te nimmen.

Sûnt tongersdei ried de Fryske hurdfytser fan Team Roompot al yn de giele trui. It is foar Weening de earste klassemintsoerwinning yn in etappekoers sûnt it earste plak yn de Ronde fan Poalen yn 2013.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)