Plysje pakt koperdief op by De Harkema

22 maaie 2016 - 12:55

De plysje hat sneontenacht by De Harkema in 26-jierrige koperdief oanhâlden. Aginten krigen in melding dat der koper stellen waard by in bedriuw. Oan de hân fan it sinjalemint fan de dieder en it kenteken fan de auto koe de plysje de dief oanhâlde yn Kollumersweach.

It stellen guod waard dêr oantroffen. De fertochte is oanhâlden troch de aginten. It ûndersyk nei de saak rint noch.

Trefwurden: 
plysje koperdief De Harkema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)