Jonge (7) fan It Hearrenfean rekket ferwûne yn Hoogkerk

22 maaie 2016 - 11:52

In 7-jierrige jonge fan It Hearrenfean is sneontemoarn earnstich ferwûne rekke by in oanriding yn it Grinzer Hoogkerk. It jonkje waard oanriden troch in 47-jierrige snorfytser, doe't er út in ôfrit it fytspaad op ried. De snorfytser koe de jonge net mear ûntwike.

De jonge is mei earnstige ferwûningen oan de holle en syn skonk nei it sikehûs brocht. De 47-jierrige bestjoerder is ek mei in ferwûning oan de holle nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)