Man wurdt foar de sechsde kear oanhâlden sûnder rydbewiis

22 maaie 2016 - 07:34

In motorplysje hat sneontenacht yn Ljouwert in 34-jierrige man betrape dy't sûnder rydbewiis mei in scooter troch de stêd ride. De Ljouwerter waard by it Ruterskertier oanhâlden foar in kontrôle, en dêr die bliken dat er gjin rydbewiis hie. It wie net de earste kear dat de man betrape waard sûnder papierke, yn de ôfrûne fjouwer jier waard er al fiif kear earder oanhâlden.

De scooter, dy't ek net fersekere wie, is yn beslach naam en de man moast rinnend fierder. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)