Soad reek komt frij by brân wenhûs yn Gruttegast

© De Vries Media
Yn Gruttegast, krekt oer de grins yn Grinslân, is sneontejûn in grutte brân útbrutsen yn in hûs oan de Langeweg. By de brân is in soad reek frijkommen en dêr hat de brânwacht in NL-alert ôfjûn foar Gruttegast en omkriten. By reek moatte minsken doarren en ruten tichthâlde.
Foar de wetterwinning binne ekstra brânweinen oproppen. De bewenners binne yn feilichheid brocht.