Bart Helmholt wint Eelke Scherjon Memorial mei supersprong

21 maaie 2016 - 21:55

Bart Helmholt hat sneontejûn it fierljeppen yn Burgum wûn dêr't de Eelke Scherjon Memorial hâlden waard. Yn syn earste wedstriid fan dit seizoen kaam er ta 21.08. Dat is bysûnder om't er oer it hiele seizoen ferline jier mar ien kear oer de 21 meter hinne ljept waard. Dat wie doe ek Helmholt, ein juny op It Heidenskip (21.04).

De winner fan ferline jier, Oane Galama, kaam sneontejûn ek foar it earst yn aksje. Hy helle de finale lykwols net. It sulver wie foar Nard Brandsma, hy sprong 20.31 meter.

By de junioaren wie Freark Kramer fan It Heidenskip de bêste mei 18.52, in nij persoanlik rekôr. By de froulju wie Marrit van der Wal fan It Heidenskip de bêste mei 16.24 meter. Wietse Nauta fan Drylts wie de ferrassende winner by de jonges mei 16.92 meter. By de famkes wûn Bente Vlas fan Heech mei 14.07.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)