LDODK ferliest fan DVO

k.v. LDODK
LDODK hat sneontejûn yn eigen hûs mei 21-24 ferlern fan DVO út Bennekom. De kuorballers fan De Gordyk spilen har wedstriid yn de eareklasse. Dêr binne twa groepen fan. Fan beide groepen geane de nûmers ien en twa troch foar de krúsfinale.
Foarôfgeand oan de wedstriid stienen de Gordyksters op it tredde plak. Troch dit ferlies wurdt it dreech foar LDODK om noch by de earste twa te einigjen. As Fortuna snein wint, is LDODK útskeakele foar de krúsfinale.