JSF is oan reis nei Ljouwert begûn

21 maaie 2016 - 20:32

Definsjeminster Jeanine Hennis meldt op Twitter dat it earste part fan de tocht fan de F-35, ek JSF neamd, begûn is. Moandei komt de JSF út Amearika oan op de Ljouwerter fleanbasis.

De loftmacht en spottersklup ferwachtsje dat mear as tûzen spotters komme om it tastel foar it earst te sjen. Om acht oere jûns hinne sil it tastel lânje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)