Hegere brêgen meitsje doarpen tagonklik foar lytse boaten

21 maaie 2016 - 17:11

Mei it ferheegjen fan fjouwer brêgen yn Noardwest-Fryslân is in begjin makke om 14 doarpen tusken Tsjom en Kûbaard berikber te meitsjen foar lytse boaten. It doel is om mei elkoar sa'n 60 brêgen tagonklik te meitsjen om sa de leefberheid op it plattelân te fergrutsjen.

Provinsjale brêgen yn de dyk Ljouwert-Boalsert binne foarearst noch te djoer om te ferheegjen en guon fearten sitte ferstoppe troch tefolle planten. Earst is dus begûn mei dizze lytsere brêgen.

Mei tank oan de wurkgroep Lytse Farwegen binne fjouwer brêgen ferhege. Sneon is de nije farrûte foar it earst fearn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)