Balk begjint neikompetysje mei lykspul

21 maaie 2016 - 16:49

De fuotballers fan Balk binne de neikompetysje om promoasje nei de haadklasse sneon begûn mei in 1-1 lykspul tsjin Go Ahead Kampen. Op eigen fjild kaam de ploech fan trainer Dick Sangers al nei 8 minuten spyljen op achterstân.

Op slach fan rêst krigen Pieter Wijnia en Ivar Klijnsma de bêste kânsen op de lykmakker, mar fersommen te skoaren. Yn de 75e minút wie it al raak en sette Wybren Altenburg de 1-1 op it boerd. De oanslutende penaltysearje waard mei 4-3 wûn troch de Balksters.

Tiisdei stiet de twadde wedstriid tsjin Oranje Wit yn Dordrecht op it programma. Sneon spilet Balk thús tsjin Heinenoord. Heinenoord wûn de earste wedstriid yn de neikompetysje mei 4-0 fan Oranje Wit. De bêste fan dizze fjouwer ploegen nimt it yn in út- en thúswedstriid op tsjin de winner fan pûl 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)