Gysbert Japicxjier is feestlik iepene yn Boalsert

Yn de Martinitsjerke yn Boalsert is sneontemiddei it Gysbert Japicxjier feestlik iepene. It is dit jier 350 jier lyn dat de skoalmaster en dichter út Boalsert ferstoar. Hy wie de earste dy't serieuze Fryske literatuer skreau en lei sa de basis foar de Fryske skriuwtaal. Japicx stoar yn 1666 oan de pest, sawat tagelyk mei syn frou en syn soan.
Mei it biedwurd: Gysbert as ynspiraasje foar Fryslân! is in ryk program gearstald. Dêryn wurdt stilstien by Japicx as histoarysk figuer en hoe't er troch de iuwen hinne besjoen en ynterpretearre is.
Fertsjintwurdigers út ferskate sektoaren fan de Fryske mienskip steane stil by de betsjutting fan Gysbert foar Fryslân. Op it programma steane minykolleezjes fan Abdelkader Benali, Sietske Poepjes, Henry Baron en Meindert Reitsma. Ek is der in paneldiskusje.
Skriuwtaal
Yn de midsiuwen waard it Frysk al wol brûkt om de wetten op te skriuwen, mar yn de tiid fan Japicx, yn de 17e iuw, wie dat al lang net mear sa. It Nederlânsk wie de offisjele taal fan it bestjoer. Mar Japicx die it dus oars. Troch him ûntdutsen de minsken letter dat it de muoite wurdich wie om yn de eigen taal te skriuwen.
By syn libben is mar ien boekwurk fan Gysbert Japicx ferskynd, 'Friese Tjerne, in brulloftsfers'. Dat wie yn it jier 1640. Nei syn dea waard al syn wurk, ynklusyf de Friese Tjerne, sammele yn de Friesche Rymlerye. Dat boek ferskynde yn 1668, twa jier nei syn dea. Yn de njoggentjinde en tweintichste iuw groeide Japicx út ta boechbyld fan Fryske kultuer. Hy wie de ienfâldige skoalmaster dy't syn klassiken koe, mar der likegoed foar keas om yn de folkstaal te dichtsjen.
It jier 2003, fjouwerhûndert jier nei de bertedei fan Gysbert Japicx, waard earder ek al útroppen ta Gysbert Japicxjier. Doe is syn wurk ek op 'e nij útjûn.
Troch de provinsje Fryslân hinne hawwe suver alle (gruttere) plakken in Gysbert Japicxstrjitte. By de Martinitsjerke yn Boalsert is in stânbyld op sokkel delset, dat yn 1966 troch keninginne Juliana ûntbleate waard. Yn syn bertehûs yn Boalsert, sit sûnt 1997 it Gysbert Japicxhûs.