Singh: ''Tweede leven is na tien jaar eindelijk begonnen''

21 maaie 2016 - 13:56

Bliid en tankber binne se, Rajnish en Sachi Singh út Driezum, no't se dochs yn Nederlân bliuwe meie. Freedtejûn kaam in hiele groep minsken mei boargemaster Sicko Heldoorn foarop it goeie nijs fertelle. De famylje Singh wennet al tsien jier yn Nederlân, mar der wie lang sprake fan dat se útset wurde soene, mem Rajnish nei Yndia en dochter Sachi nei Suriname. Steatssekretaris Dijkhoff fan feiligens en justysje hat freed besletten dat beide froulju no dochs yn it lân bliuwe meie.

Tweede leven

''We waren bezig met het huis schoonmaken en ik zag ineens door het keukenraam heel veel mensen lopen'', sa seit Rajnish Singh. ''Ik zei tegen Sachi: ''zoveel mensen, wat is er gebeurd?''. Toen ik de deur opende stond daar de burgemeester met bloemen in zijn hand. Hij zei dat we mochten blijven. Ik was helemaal blij en erg dankbaar. Mijn tweede leven is na tien jaar eindelijk begonnen.''

Rustiger leren

Ek dochter Sachi is hiel bliid dat se yn Nederlân bliuwe mei. ''Het voelt goed dat ik hier kan blijven. Ik kan nu werken en krijg een identiteitskaart en paspoort. Voor school is het ook fijn, misschien kan ik nu rustiger leren.'' In freon fan Sachi wist it goeie nijs al earder, hy kaam tegearre mei de oaren krekt nei seisen om de famylje te ferrassen. 

It doarp hat lang aksjefierd om Rajnish en Sachi yn Driezum te hâlden. Der waard ûnder oare in petysje mei 4000 handtekeningen oanbean oan de Twadde Keamer. Moandeitejûn is der yn it doarpshûs in lyts feest om te fieren dat de famylje in ferbliuwsfergunning krigen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)