Misdiemjitter: Ferwerderadiel feilichste gemeente yn Fryslân

21 maaie 2016 - 11:54

Ferwerderadiel is de feilichste gemeente fan Fryslân. Dat blykt út sifers fan de lanlike misdiemjitter fan it Algemien Deiblêd. De Fryske gemeente is de op trije nei feilichste gemeente fan Nederlân, en stiet dêrmei op de list flak boppe Littenseradiel.

Ljouwert is de minst feilige gemeente fan Fryslân. Lanlik stiet dy gemeente op it 15de plak. Dat komt benammen troch in taname fan it tal strjitrôven. Der wie it ôfrûne jier in binde aktyf yn de stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)