Nije fiskpassaazje iepene op 'e Ofslútdyk

21 maaie 2016 - 11:35

It is sneon fiskmigraasjedei. Op hûnderten plakken yn it lân wurde der allegearre aktiviteiten organisearre om stil te stean by de fiskmigraasje. Sa ek op de Ofslútdyk, dêr wurdt sneon in nije fiskpassaazje iepene. 

Der binne yn 'e hiele wrâld in soad diken en dammen, dêr't fisken lêst fan hawwe. Diken en dammen kinne fisken keare as se ûnderweis binne om te paaien. En as de fisken net paaie kinne, komme der gjin nije fisken by. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)