Kollum: ''Meiprate''

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
''Wy meie fan nije wike ôf diskusjearje mei de provinsje oer ús wenomjouwing. Da’s moai. It hat in fleuchje fan de brede maatskiplike diskusje oer streekplan Fryslân yn de 70-er jierren fan de foarige iuw. In fleuchje. Want je prate no mei amtners. Lju dy’t krekt fan de universiteit kaam binne en it libben noch net kinne. Wittenskippers. Hinderet neat. Je pompe der ynformaasje yn. En dan skriuwe sy in plan. Dat duorret in jier as wat, mar dan leit der ek wat. Dat bringe se dan nei it kolleezje fan Deputearre Steaten. En dan seit Sander de Rouwe dat it fierstente folle kostet. Dan skriuwe se in meagerder plantsje en dan is der by ús gâns ûnfrede oer it toanielspyljen mei de provinsje.
Mar dat is altyd de wize wêrop de oerheid mei ús omgiet. In tal foarbylden fan fan 'e wike.
In akkountant monkele wat en foardat we freegje koenen wat hy sei, stie wethâlder Marten Offinga fan de gemeente Súdwest-Fryslân al dûnsjend foar de parse. “We ha in posityf resultaat fan in miljoen oer 2015”. In pear dagen tefoaren hienen hy en kollega Gea Akkerman al in ferbaal orgasme hân doe’t se seine dat de earste huzen no dochs oan de Houkesleat bout wurde sille. Hoe en wat, wat de regelingen binne oer wat der allegearre misgien is, dat hearre we net. Inkeld wille. No ja, dan is der ynienen wer sa’n swartgalligen ien en dy seit dan: no, dan kin no dat en dat ek moai oanpakt wurde. Dan is it ynienen: ja, mar we bin der noch lang net. We ha net foar neat al dy ynwenners útnûge om te sizzen wat we tefolle útjouwe. En se tinke inkeld ûnderwilens oan al dy hege bedragen dy’t se aanst ek noch yn de kulturelehaadstêdfonteinen donderje moatte. Transparant roppe se altyd, mar it is tsjuster.
Ha jim mar in miljoen oer, seit Weststellingwerf. Wy trije. Lekker puh. Mar jim ha wol gelyk: tuike tuike, wa wit wat der noch bart. Mar dêr ha se in hiel oar probleem. Weryndieling. Gjin weryndieling sei de opposysje. It kolleezje luts de skouders op en praat mei East en Opsterlân. Mar doe sei de opposysje: we wolle ek meiprate. Nee hear seit it kolleezje. Letterlik: dan wurdt it in Poalske lândei as jim der hieltyd tuskenyn mekkerje mei dat we it allegearre wol sa litte kinne. Geâldehoer oer geâldehoer.
Noardeast is offisjeel krimpgebiet. Alle miljoenen bin dus nedich om de rommel op te rêden. Slim genôch. Mar we ha it idee krigen dat it hieltyd wer wat better giet. Dus bin we allegearre hoopfol oan it meiwurkjen om de krimp tsjin te gean. Komt der ynienen in wittenskipper fan de Fryske Akademy, in histoarikus noch wol en dy seit dat it noch altyd in dikke binde is, dat it net opsjit. Mar wannear hat dy man syn ûndersyk dien? Sjocht hy wol nei wat der no bart? Of stean der alderhande suggestjes yn syn rapport, dy’t no al lang útfierd binne? Lêzer en harker krije der neat fan mei. Lêze de kop, en sizze, de Akademy seit ek al dat we it noardeasten aanst kwyt binne. Sil we ús hûs dan ek mar te keap sette.
It COA is weardeleas seit boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean, ynienen. Wylst hy noch mar koartlyn suver út de earms fan it COA weiskuord wurde moast. Se hienen skriemerich ienriedich bewrotten dat der in skitterjend asylsikerssintrum by de McDonalds boud wurde soe. Sa moai dien allegearre, hielendal gjin geâldehoer. En no seit Tjeerd dat it COA skuldich is oan it fertraagjen fan de saak. Dat ha se yn Ljouwert, De Jouwer en Snits ek dien, seit Tjeerd. Dan giet it oer dat it COA demontabele units ha wol en Van der Zwan wol der konteners delsette. Wy kinne it ferskil net sjen. Mar it houlik is yn ien kear útinoar slein. Wêrom wol Van der Zwan hurder en djoerder as it ferantwurdlike COA seit. Om't hy no wer finansjeel selsstannich is? We witte it net.
Sterker, wy witte nea wat. Mar we moat wol hieltyd meiprate, wylst ús takomst bepaald wurdt troch mei wat foar sin ús bestjoerders fan ’t bêd stappe moarns.''