'Natuerfestival' yn De Alde Feanen

20 maaie 2016 - 22:59

Nasjonaal Park De Alde Feanen fiert dit wykein feest. Mei it festival 'Vier De Alde Feanen' hoopje ûndernimmers út Earnewâld, Grou, Warten, De Feanhoop en Aldegea minsken nei it natuergebiet te lûken. It hiele wykein binne der ferskate aktiviteiten lykas kanofarre, nachtfarre en kuiers mei in gids. De aktiviteiten binne fergees.

Freedtejûn waard it festival offisjeel iepene mei in groepsfoto by de saneamde 'loveletters' dy't by de pont fan Earnewâld driuwe.

'Vier De Alde Feanen' is ûnderdiel fan it lanlike 'Fête de la Nature', it grutste natoerfestival fan Nederlân.

Trefwurden: 
Alde Feanen natuerfestival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)