Rutte op VVD-kongres Ljouwert: Nederlân moat út de kramp

20 maaie 2016 - 22:20
  • Premier en VVD-lieder Mark Rutte op it partijkongres yn Ljouwert

Nederlân moat út de kramp sjen te kommen dêr't it lân yn sit troch terreurdriging, de flechtlingestream en de ûnwisse ekonomyske situaasje. Dat wie it boadskip fan minister-presidint en VVD-lieder Mark Rutte freed op it maaitiidskongres fan syn partij yn Ljouwert.

Neffens Rutte moatte politisy yn it foarste plak minsken perspektyf biede, bygelyks troch se wurk fine te litten of it wurkjouwers makliker te meitsjen om minsken oan te nimmen. "We kunnen niet doorgaan om ieder jaar 60.000 vluchtelingen op te nemen", sa sei Rutte.

"Mensen maken zich zorgen of hun buurt wel hun buurt blijft, hun samenleving wel hun samenleving, of Nederland wel Nederland blijft", sei de VVD-lieder. De polityk moat neffens him in dúdlik antwurd jaan op dy soargen. "We moeten volstrekt helder zijn wat voor land wij zijn. En nooit meer terugvallen in de naïviteit van de multiculturele samenleving uit de jaren 80 en 90."

Rutte fynt it krúsjaal dat de saken hjoed-de-dei oars oanpakt wurde. ,,Wij verwachten nu dat mensen die hier komen zich realiseren wat onze waarden zijn en dat zij die respecteren: gelijkheid van man en vrouw, van homo-hetero, van blank en zwart. De verworvenheden van de democratie, vrijheid van meningsuiting, persvrijheid: al onze vrijheden. Dat kan alleen als we daar ook duidelijk over zijn."

'Leeuwarden is hip'

De minister-presidint wie posityf oer de mooglikheden dy't Fryslân neffens him hat. Hy neamde Ljouwert "een van de meest hippe geliefde steden". Fryslân kin seker in goeie bydrage leverje oan de Nederlânske ekonomy tinkt Rutte. Hy is wol fan betinken dat Fryslân dat safolle mooglik op eigen krêft dwaan moat. De tiid fan allerhande aparte subsydzjepotsjes om ûntwikkelings op gong te bringen hat west, sei de VVD-lieder. "Dergelijke regelingen losten de problemen meestal ook niet op."

It partijkongres duorret sneon ek noch. Dan wurdt der diskussearre oer ferskate tema's. Dan komt ek fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra oan it wurd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)