Eaststellingwerf lûkt ien miljoen euro út foar goeie ideeën

20 maaie 2016 - 21:07

De gemeente Eaststellingwerf wol goeie ideeën beleanje mei subsydzje. Hjirfoar is it Fûns Eaststellingwerf yn it libben roppen. Mei-inoar is in miljoen euro te ferdielen yn trije omlopen: foar de earste omloop is 333.000 euro beskikber makke.

Njoggentjin projekten krigen freedtemiddei kâns op subsydzje, troch harren ideeën te presintearjen op in ideeëmerk. De winner fan 'e earste omloop wie de Lionsclub Eaststellingwerf. Mar as ferrassing krige lang om let eltsenien in grut part fan it oanfrege subsydzjebedrach fan 'e gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)