Trekker rydt by bestelbuske op yn Bûtenpost

20 maaie 2016 - 20:48
  • De bestelbus waard troch in bergingsbedriuw ôffierd

Op de Lauwersmarwei by Bûtenpost hat freedtemiddei in trekker in bestelbuske oanriden. It ûngelok barde by de rotonde. It buske stie dêr te wachtsjen, doe't it fan achteren oanriden waard troch de trekker. It is noch net rjocht dúdlik hoe't it koe dat de trekker by it buske opried.

De skea oan it buske is grut. Sa is de achterdoar folslein yninoar riden, en net mear te brûken. De trekker koe nei it ûngelok gewoan fierder ride. De provinsje hat de dyk skjinmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)