Aksje om Sadjad Hosseini (14) yn Nederlân te hâlden

Sadjad Hosseini (14) út Burgum moat yn Nederlân bliuwe. Dêrfoar hawwe teamgenoaten fan BBC Burgum, freonen en oare belutsenen in aksje op tou set. Sadjad krige nei sân jier ferbliuw yn Nederlân te hearren dat er werom moat nei Afganistan. De Facebook-pagina 'Actie Familie Hosseini' hat op dit stuit 717 'mei'k wol oers' en de petysje is yntusken al mear as 6000 kear ûndertekene.
De teamgenoaten hoopje dan ek op in ferbliuwsfergunning foar Hosseini. De famylje wachtet noch op in definityf beslút.