Rajnish en Sachi Singh út Driezum meie bliuwe

20 maaie 2016 - 20:15

Rajnish en Sachi Singh út Driezum meie dochs yn Nederlân bliuwe. Dat hat steatssiktaris Dijkhoff freed besletten. Boargemaster Sicko Heldoorn koe mem en dochter freedtejûn it goeie nijs fertelle. Der wie al langer sprake fan dat de Yndiaaske Rajnish en Surinaamske Sachi mooglik útset wurde soene. Mem en dochter Singh wenje al hast tsien jier yn Nederlân.

De steatssiktaris hat gebrûk makke fan syn diskretionêre foech om de famylje Singh in ferbliuwsfergunning te jaan. Neffens him wie der yn dit gefal sprake fan in 'skrinende situaasje'.

"Dat Rajnish en Sachi bij ons in Driezum mogen blijven wonen is fantastisch nieuws", seit Heldoorn yn it parseberjocht fan de gemeente Dantumadiel. "Voor henzelf en ook voor iedereen die zich de afgelopen tijd betrokken heeft getoond bij de familie Singh. De gemeenschap is massaal om de familie heen gaan staan. Het is geweldig dat de inzet heeft geleid tot deze uitkomst. Er is een einde gekomen aan een lange tijd van onzekerheid en we hopen dat moeder en dochter nu weer vooruit kunnen kijken", sa seit Heldoorn.

It doarp hat lang aksjefierd om Rajnish en Sachi yn Driezum te hâlden. Sa is der in ûnder oare in petysje mei 4000 hântekeningen oanbean oan de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Singh Driezum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)