Pieter Weening hâldt giele trui yn Noarwegen

20 maaie 2016 - 19:30
  • Pieter Weening yn de giele trui

It is hurdfytser Pieter Weening (35) freed slagge om de liederstrui yn de Ronde fan Noarwegen te behâlden. De Harkyt koe goed meikomme yn de keninginnerit oer 168 kilometer mei oankomst berchop yn Geilo. Weening kaam as fjirde oer de einstreek en ferdigene mei súkses de leiding yn it algemien klassemint. De ritwinst gie nei Mads Pedersen. De 20-jierrige Deen wie yn de sprint justjes rapper as syn Spaanske konkurrint Luis Mas Bonet.

Weening hat yn it klassemint 45 tellen foarsprong op Sondre Holst Enger, Edvald Boasson Hagen stiet tredde.

Weening pakte tongersdei de top fan it klassemint troch de twadde etappe op yndrukwekkende wize te winnen. Snein is de lêste dei fan de etappekoers yn Noarwegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)