Fleanbasis nimt ferkearsmaatregels by komst F-35

20 maaie 2016 - 17:36
  • De ekstra ferkearsbuorden oan de Bitgumerdyk steane al klear
  • De JSF of F35

Fleanbasis Ljouwert nimt opnij maatregels om eventuele oerlêst fan fleantúchspotters foar te kommen. Der wurde moandei in soad spotters ferwachte fanwegen de F-35, de JSF. Dit jachtfleantúch sil 23 maaie oankomme yn Ljouwert. De maatregels binne te fergelykjen mei dy, dy't naam binne by de oefening Frisian Flag.

By de spottersbulte yn Marsum wurdt in stik greide iepensteld foar parkearen. De plysje en maresjausee sille der op tasjen dat minsken har ek oan de regels hâlde. De fleanbasis sil de komst fan de F-35 ek livestreame op YouTube.

Foar de trochgeande dyk fan Marsum nei Bitgum jildt moandei in stop- en parkearferbod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)