Famyljehotel Duhoux bestiet hûndert jier

20 maaie 2016 - 17:26
  • Op de gevel stiet no grutsk oanjûn hoe âld oft it bedriuw is....

Feest yn Wurdum freed. It bekende hotel-restaurant Duhoux bestiet 100 jier en is ek al in iuw yn hannen fan deselde famylje. It bedriuw draait neffens de eigeners goed. Oerpake Johannes Sieds begûn mei syn kafee yn 1916. Earst noch yn kombinaasje mei in slachterij, mar de hoareka waard hieltyd wichtiger. Ek no binne bier en kofje in wichtich ûnderdiel fan it bedriuw, mar fierder is der in soad feroare.

Pas yn de jierren '60 kaam de hotelfunksje der by. It hotel hat 17 keamers en is noch ien fan de wichtichste boarnen fan ynkomsten.

De takomst fan Duhoux is ûnwis no't in pear kilometer fierder op in grut Van der Valk Hotel komt. Dochs stiet de folgjende Duhoux-generaasje al wer fol betrouwen klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)