Iris Kroes sjongt by doop cruiseskip Koningsdam

By de doop fan de Koningsdam, it nijste en grutste cruiseskip fan de Holland America Line, troch keninginne Maxima, hat de Fryske sjongeres Iris Kroes it liet Sky full of Stars fan Coldplay songen. Oarspronklik soe Iris ek it Amerikaanske en Nederlânske folksliet by de plechtichheid sjonge, mar de organisaasje helle dêr op it lêste momint in streek troch.
Ta spyt fan de sjongeres sels, omdat dy mear as in healjier op beide lieten oefene hie. Wol wie Iris tefreden oer de útfiering fan it liet ûnder begelieding fan in grut orkest.
Iris Kroes neamde har optreden by de doop fan it skip "superleuk, mar ek heftich". De rippetysjes wiene pas tongersdeitejûn let, en freedtemoarn moast eltsenien al betiid klear stean foar de doop. Mar it optreden gie goed en waard ek troch de keninginne wurdearre, sa fertelt in entûsjaste Iris Kroes.