Winst Anteagroep Hearrenfean mei 9,1 % omheech

20 maaie 2016 - 17:07

De Anteagroep fan It Hearrenfean hat ferline jier yn Nederlân 9,1 persint mear winst makke. It advys- en yngenieursburo is oer de hiele wrâld aktyf. Yn Nederlân hie it bedriuw op alle fronten súkses: der wie mear winst, der waard mear wurk binnen helle en der waarden mear minsken oannaam.

Wrâldwiid hie de Anteagroep in omset fan 363 miljoen euro. Dat is minder as de ôfrûne jierren. Dat komt benammen troch de legere oaljeprizen. Klanten yn dy sektor ynvestearren minder en makken dêrtroch minder gebrûk fan de tsjinsten fan Antea.

De netto winst yn Nederlân gie omheech fan 8 miljoen euro nei 8,7 miljoen.

Trefwurden: 
Anteagroep yngenieursburo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)