Nije fyts- en fuotgongersbrêge foar Donkerbroek

20 maaie 2016 - 16:53

Donkerbroek is in fyts- en fuotgongersbrêge, in fisksteger, in picknicktafel en in rekreaasjeterrein riker. Dat is ûnderdiel fan it opknappen fan it gebiet, no't dêr yn de buert de nije N381 oanlein wurdt. Njonken de nije brêge, steger en it rekreaasjeterrein is de Opsterlânske Kompanjonsfeart ek útbaggere. Der is ek nije walbeskoeiïng kaam.

Wethâlder Hans Welle fan Eaststellingwerf demonstrearde hoe't de nije brêge wurket. De ynwenners koene in stikje kanofarre en genietsje fan in broadsje hjerring en in iisko.

Trefwurden: 
Donkerbroek Botlekbrêge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)