Oandielhâlders Caparis prate moandei oer bestjoerskrisis

20 maaie 2016 - 16:14
  • Sjoerd Feitsma

De oandielhâlders fan wurkfoarsjenning Caparis komme moandei byinoar om te praten oer de krisis by it bedriuw. De acht wethâlders fan de gemeenten sille dan yn petear mei de ried fan kommissarissen en direkteur Ben Gerrits oer de situaasje nei it opsizzen fan it bertrouwen yn de ried fan kommissarissen ûnder lieding fan Robert Veenstra troch de ûndernimmingsried.

Ek wurdt de ried befrege oer de situaasje mei de direkteur Tjerk Sinnema. Hy wûn de rjochtsaak tsjin Caparis nei in skorsing en moat fan de rjochter syn baan wer weromkrije.

De ûndernimmingsried wol ek in petear mei de de oandielhâlders. Sy wolle net dat de ried fan kommissarissen dêrby is. Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert, de wurdfierder fan de acht gemeenten, hat tasein dat hy mei de ûndernimmingsried om tafel giet. Oft dat yndie sûnder de ried fan kommissarissen wêze sil wol hy earst mei de oare oandielhâlders oerlizze. Tiisdei sil hy wer kontakt opnimme mei de ûndernimmingsried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)