Fyts- en kuierpaden Drents-Friese Wold wer begeanber

De sinne komt op boppe it Drents-Friese Wold © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Steatsboskbehear hat de fyts-, ruter- en kuierpaden yn it Drents-Friese Wold wer begeanber makke. Troch it tige wiete winterseizoen leine de paden der min hinne. Omdat it de lêste wiken moai drûch waar west hat, koene se oanpakt wurde. Guon fytspaden dy't ûnder wetter stien hawwe, kinne wer brûkt wurde en ek in tal kuierpaden en ruterpaden binne opknapt.
Steatsboskbehear is de kommende wiken noch dwaande mei it lêste wurk, sadat minsken fan 't simmer wer har gong gean kinne yn it Drents-Friese Wold.