Fryske Akademy docht ûndersyk nei âlde suvelskoalle Boalsert

20 maaie 2016 - 14:00
  • De Boalserter suvelskoalle op in âlde kaart

De Fryske Akademy sil ûndersyk dwaan nei de eardere suvelskoalle yn Boalsert. Yn 'e mande mei Van Hall Larenstein, de hegeskoalle dêr't de suvelskoalle yn 1996 yn opgie, wurdt de skiednis fan de skoalle útdjippe. Undersiker Ronald Plantinga sil ynterviews hâlde mei âld-learlingen en âld-dosinten fan de suvelskoalle.

Dêrneist wurde der argiven rieplachte. It ûndersyk is ûnderdiel fan in bredere stúdzje. Dêryn wurdt ûndersocht wat Fryslân ta in suksesfolle regio foar de lânbou en de ferwurkjende yndustry makke hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)