"Ik smook gewoan troch. Ik moat toch in kear dea, net?"

"Ik smook gewoan troch. Ik moat toch in kear dea, net?" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de nije kampanje om it smoken tsjin te gean.
Fan freed ôf moatte tabaksfabrikanten op de ferpakkings grutte, aaklike foto's sette mei konfrontearjende teksten. Oer it generaal ferwachtsje de measten net in soad effekt fan de nije ferpakkings. In priisferheging fan 300% soe effektiver wêze, sa waard sein.