Earste bewenners werom yn renovearre Hoedemakerspolder

20 maaie 2016 - 13:52
  • Earste bewenners werom yn renovearre Hoedemakerspolder

De earste bewenners fan de Hoedemakerspolder yn Dokkum binne wer werom yn harren wenning. De hierhuzen fan Thús Wonen yn de wyk wiene hurd ta oan grut ûnderhâld. De wyk wie bot fertutearze. Der wie wetteroerlêst wêrtroch skimmel op 'e muorren kaam.

Yn 2013 is úteinset mei it renovaasjewurk. Guon huzen koene opknapt wurde, oare waarden sloopt. Lykas yn de Schraderstrjitte. 38 wenten gongen dêr tsjin de flakte. Dêrfoar yn it plak stean no 35 'levensloopbestendige' wenten. In oar part fan de wyk giet letter tsjin de flakte.

Yn 2022 moat it wurk hielendal klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)