Fjouwer minsken reitsje ferwûne by ûngelokken

© Camjo Media
By twa ûngelokken binne freed fjouwer minsken ferwûne rekke. Op de A7 by Aldehaske rjochting De Jouwer binne even nei healwei ienen twa auto's op elkoar botst. Der binne trije minsken ferwûne rekke. Der stiet in file fan in pear kilometer op de A7.
En op de Van Kleffenslaan op it Hearrenfean binne freedtemiddei trije auto's op elkoar klapt. Hjirby is ien persoan ferwûne rekke en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De dyk hat in skoft ticht west yn ferbân mei it plysje-ûndersyk.