Feanster stelt bedriuwsbus by Thialf

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat in 35-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oanholden foar it stellen fan in bedriuwsbuske. Dat wie ôfrûne woansdei meinaam by Thialf. De plysje krige deselde dei in tip dat de bestelbus oer de Ofslutdyk ried.
Doe't de plysjes it buske dêr riden seagen, joegen se de bestjoerder in stopteken. De Feanster waard oppakt, de bus is yn beslach naam.