BFVW ferhuzet haadkantoar fan Wommels nei Wiuwert

20 maaie 2016 - 10:52
  • Rendert Algra

It kantoar fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, BFVW, giet út Wommels wei. De organisaasje hat tenei syn haadkantoar yn Wiuwert. It gebou dêr't it bûn hinne sil, stiet ek wol bekend as 'de fjoertoer'.

Hjir hat it BFVW mear wurkromte foar frijwilligers. Ek hat it gebou mear útstrieling, seit foarsitter Rendert Algra. Yn Wommels siet de organisaasje op in yndustryterrein. Kommende wike fynt de ferhuzing plak, fan 1 juny ôf moat it BFVW hielendal fanút Wiuwert wurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)