Mear leppelbekken briede op It Amelân

20 maaie 2016 - 08:29

It giet goed mei de leppelbekken op East-Amelân. En dat is opfallend want de lêste jierren gong it nochal ris mis mei de 'lepelaars', sa as se yn it Nederlânsk hjitte. Der binne no 122 briedpearen teld. In taname fan goed tweintich prosint.

De fûgels sitte ferspraat oer twa koloanjes op de de Hôn, in kweldergebiet by it Oerd. Hoe't it kin dat der dit jier folle mear leppelbekken binne, is net hielendal dúdlik.

Mooglik komme de fûgels fan Skiermûntseach, Flylân of Teksel. Oare opsjes binne dat der mear fretten te heljen is of dat se in goede winter hân hawwe yn Afrika.

Trefwurden: 
leppelbekken It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)