UPDATE Deade man fûn yn tún oan De Waring yn Grou

Yn in tún fan in wenning oan De Waring yn Grou is freedtemoarn in deade man oantroffen. De plysje slút in misdriuw út en giet derfan út dat de man sels fan de earste ferdjipping ôf troch in rút sprongen is. It ûndersyk is dêrmei klear.
De plysje krige krekt foar 7 oere moarns in melding dat der in ferwûne man yn de tún lei. De plysje gong der hinne, en ek in traumahelikopter en ambulânse waarden alarmearre. Doe't dy arrivearren, wie de man al ferstoarn.
De wenning oan De Waring makket diel út fan it eardere fersoargingshûs Nij Friesmahiem. It wurdt no antykreak bewenne.