Steatssekretaris Van Dam iepenet nij sintrum Dairy Campus

19 maaie 2016 - 22:00

Nije wike tongersdei iepenet steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken it nije ynnovaasjesintrum foar de melkfeehâlderij op de Dairy Campus yn Ljouwert.

De Dairy Campus wol it belangrykste ynnovaasjesintrum fan it lân wurde. Duorsumens stiet foarop. Foar wa't it mei eigen eagen sjen wol, binne der om de iepening hinne iepen dagen organisearre mei ferskate aktiviteiten oer melkfeehâlderij.

Unyk yn de wrâld

“Bij Dairy Campus hebben we alles onder één dak. Dat is uniek in de wereld", seit Martin Scholten. Hy is foarsitter fan de stjoergroep fan de Dairy Campus en algemien direkteur fan de Animal Sciences Group fan Wageningen UR, dêr't de Dairy Campus mei gearwurket.

"Om voor te blijven lopen moet je blijven vernieuwen. Dat kan op Dairy Campus worden uitgeprobeerd en daar is de nieuwbouw ook op ingericht. Koeien produceren bij ons geen melk, maar kennis”, seit Scholten.

40 miljoen euro

Kees de Koning is manager fan de Dairy Campus. ”Met de realisatie van Dairy Campus wordt over een periode van tien jaar 40 miljoen euro geïnvesteerd. De exploitatie van het complex is gebaseerd op projectfinanciering. Vanuit het innovatiefonds Dairy Campus is jaarlijks 1 miljoen beschikbaar als bijdrage in innovatieprojecten."

De gemeente Ljouwert, de provinsje Fryslân en it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN) bringe mei-inoar 20 miljoen euro yn. Oare partners en private partijen soargje foar de rest fan it jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)