Drankrider ûnderweis nei rjochter opnij dronken oanholden

19 maaie 2016 - 21:31

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitemiddei in autobestjoerder oanholden dy't tefolle drank hân hie. De man, fan 51 jier âld, hie in botsing hân op in rotonde dêr't er de bocht net hâlde koe. By de blaastest blies er 605 ug/l.

Hy ferklearre tsjin de plysje dat er ûnderweis wie nei de plysjerjochter yn Ljouwert. Hy moast foarkomme omdat er yn febrewaris fan dit jier tefolle dronken hie. Doe hiene plysjes syn rydbewiis ynnaam. Dat hawwe se no opnij dien.

Trefwurden: 
drankrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)